Disclaimer
Disclaimer
Troch it brûken fan Froeks.TV giest akkoart mei de brûkersbetingsten dy’t hjir omskreaun wurde en ferklearrest yn oerienstimming mei dy betingsten te hanneljen.
Materiaal publisearje
Froeks.TV stelt dy yn steat om filmkes en byhearrende teksten te publisearjen. Dêrneist hast de mooglikheid om reaksjes te pleatsen by de items dy’t op Froeks.TV publisearre wurde.
Do ferklearrest datst it rjocht hast om dit materiaal ta beskikking te stellen oan Froeks.TV en har te foarsjen fan de hjirûnder beskreaune lisinsje. Do frijwarest Froeks.TV fan oanspraken fan tredden fanwege ynbreuk op (yntellektuele eigendoms)rjochten en fan alle dêrmei muoide skea en kosten.
Joust Froeks.TV troch it ynstjoeren fan it materiaal in folsleine en eksklusive lisinsje om it materiaal iepenbier te meitsjen en te fermannichfâldigjen foar elk tinkber doel. Dy oan Froeks.TV ferstrekte lisinsje omfettet dêrnjonken it rjocht foar Froeks.TV om dy lisinsje yn sublisinsje oan tredden te jaan of oer te dragen.
Wannear’t Froeks.TV fan betinken is dat it materiaal yn striid is mei de goede seden, diskriminearjend is, de persoanlike libbenssfear fan immen skeint, de wurking fan it webstek behinderje kin, kommersjeel fan aard is, opropt ta geweld of yllegaal gedrach of ynbreuk makket op yntellektuele eigendomsrjochten fan oaren behâldt Froeks.TV him it rjocht foar om it materiaal te ferwiderjen of oan te passen. Soksoarte kontent of kontent dy’t oars yn striid is mei wet en/of regeljouwing moatst net beskikber stelle. Do frijwarest Froeks.TV fan oanspraken fan tredden fanwege ynbreuk op (yntellektuele eigendoms)rjochten en fan alle dêrmei muoide skea en kosten.
Froeks.TV hat gjin inkelde ferplichting oangeande it al as net publisearjen fan it neamde materiaal.
Links nei webstekken fan tredden
Tredden kinne op Froeks.TV links pleatse nei oare webstekken. Froeks.TV hat gjin inkelde kontrôlemooglikheid oer sokke webstekken en is net ferantwurdlik of oanspraaklik foar it brûken fan sokke eksterne webstekken, op hokfoar wize dan ek.
Klachten en ynformaasje
Ast in klacht of beswier hast yn ferbân mei it brûken fan Froeks.TV moatst dat sa gau mooglik oan Froeks.TV kenber meitsje. Dat dochst troch it stjoeren fan in e-postberjocht nei redaksje@froeks.tv. Froeks.TV spant him der foar yn om de klacht sa gau mooglik ôf te hanneljen.
Oanspraaklikens
Froeks.TV is net oanspraaklik foar hokfoar foarm fan skea dan ek yn ferbân mei it brûken fan Froeks.TV fan hokfoar aard dan ek, of it moat sa wêze dat de skea it gefolch is fan de opset of groulike skuld troch Froeks.TV.
Froeks.TV kin beskate ynformaasje frijjaan wannear’t dêr út wetlik of juridysk eachpunt oanlieding ta wêze soe.
















