Froeks.TV

Om uploade te kinnen moast ynlogd wêze Om stimme te kinnen moast ynlogd wêze

Registrearje no en rate dyn favorite fideo

Wachtwurd fergetten Ik wol my registrearje

Upload je eigen filmpje




 

selecteer bestand

lit kanalen sjen

  • kanaal: Yn opdracht fan

    Naast onze dagelijkse items maken wij ook video's in opdracht van jou. Yn…

  • kanaal: De Âlde Fabryk

    Online! De soap "De Âlde Fabryk" stiet online, check de ôfleveringen…

  • kanaal: Kunstbende 2012

    Het kanaal van de Friese voorronde van Kunstbende 2012!

  • kanaal: Dyn filmkes

    Heb jij een tof, hilarisch, ontroerend, spannend of idioot filmpje. Deel het met ons.…

  • kanaal: Kunstbende 2013

    Het kanaal van de Friese voorronde van Kunstbende 2013.

  • kanaal: Tom's Wide Wrâld

    Ynkoarten as 10-dielige searje te sjen op Froeks.TV. Tom's Wide Wrâld …

  • kanaal: Froeks Flipt

    Liftsto fan ‘t simmer nei Iran? Of silst op toernee mei dyn band troch de States of…

  • kanaal: Froeks.TV Redaksje

    Folgje hjir de items fan Ricardo, Maeike, Douwe, Timo, Ganna, Rikst, Loes, Eva en Martin!

  • kanaal: Froeks docht Serious Request

    Froeks docht Serious Request. Ricardo, Ganna, Esther, Hidde en Jiltsje giene nei…

  • kanaal: Mjuks Goes Europe 2013

    Vijf enthousiaste, nieuwsgierige en avontuurlijke studenten van de Noordelijke Hogeschool…

  • kanaal: 3VOOR12 Friesland

    Het kanaal van 3VOOR12 Fryslân, de Friese tak van het grote 3VOOR12 van de VPRO met…

  • kanaal: Clipzone

    Clipzone, het kanaal voor muziekvideo's

  • kanaal: Kleine Prijs van Fryslân

    De Kleine Prijs van Fryslân is dé bandcontest van de koudste provincie van Nederland.…

  • kanaal: De Hûnekop

    Check hjir alle filmkes fan De Hûnekop!

  • kanaal: Fryslân’s Next Topmodel 2008

    Word Fryslân’s Next Topmodel! Mear info: Klik op'e banner rjochts!

  • kanaal: Fryslan's Next Top Model 2010

    Lola Bult (15) uit Leeuwarden heeft zaterdagnacht Fryslân’s Next Top Model 2010…

 

Algemiene betingsten

Algemiene betingsten Froeks.TV

Froeks.TV: De Hannelsnamme fan Froeks.TV f.û.f. dy’t fideokontent oan de jongeren yn Fryslân fan Nederlân oanbiedt oer syn eigen platfoarm. Brûker: natuerlike of rjochtspersoan dy’t fideomateriaal ynstjoert en/ of in kanaal beheart en mei wa’t de Oerienkomst foar de Tsjinst sletten wurdt.
Algemiene Betingsten: Dizze algemiene betingsten.
Oerienkomst: De Oereinkomst tusken Froeks.TV en de Brûker, wêrby’t de Brûker him ûndermear akkoart ferklearret mei dizze Algemiene Betingsten.
Tsjinst: It platfoarm dat Froeks.TV ûntwikkelet en eksploitearret en dêr’t fideo’s fan Froeks.TV en Brûkers te sjen binne.
Kanaal: In side binnen de Tsjinst dêr’t in tal fideo’s te sjen is.
Ynstjoere: It proses wêrby’t de Brûker fideomateriaal takomme lit oan Froeks.TV foar de Tsjinst.
Kanaal behearder: In natuerlike of rjochtspersoan dy’t in kanaal fan Froeks.TV beheart.

Artikel 1 / Algemien
Dizze Algemiene Betingsten binne fan tapassing op de Tsjinst. Bepalings dy’t ôfwike fan de yn dizze Algemiene Betingsten foarkommende bepalings hawwe allinne jilding as en foar safier’t sy yn oerlis mei Froeks.TV ta stân kommen binne en troch Froeks.TV as sa oanfurde binne. De tapaslikheid fan oare betingsten troch de Brûker wurde troch Froeks.TV mei klam ôfwiisd. Froeks.TV hat it rjocht dy Algemiene Betingsten íénsidich en sûnder meidieling ôf te wizen. Wizigings jilde ek oangeande al sletten Oerienkomsten.

Artikel 2 / Tastânkomming fan de Oerienkomst
De Oerienkomst kaam ta stân nei ynstjoeren fan in fideo en befêstiging fan dy ynstjoering fan Froeks.TV wêrby’t Oanfurding plakfynt. Froeks.TV hat it rjocht in Brûker of fideo om syn movearjende reden te wegerjen. Omtrint de reden fan ‘e wegering is Froeks.TV net ferplichte in ferklearring te haan.

Artikel 3 / Ferplichtings en rjochten fan Froeks.TV
Froeks.TV sil him ynspanne om in sa grut mooglike beskikberens fan de Tsjinst te bieden. Froeks.TV ferlient Brûker de mooglikheid gebrûk te meitsjen fan de Tsjinst binnen de troch Froeks.TV oan te jaan beheinings, sa as neier omskreaun yn de troch Froeks.TV beskikber stelde ynformaasje en dizze Algemiene Betingsten. Froeks.TV garandearret mei klam net dat altyd gebrûk makke wurde kin fan de Tsjinst of dat it byhearrende upload en e-post-ferkear altyd goed ôfwikkele wurde kin. De Tsjinst is nei syn aard net steuringsfrij. Omstannichheden dy’t de levering fan ‘e Tsjinst behinderje kinne binne: steurings yn de ferbining mei ynternet, steurings yn it telefoannet fan de telekommunikaasje-oanbieder, ôfsluten fan de Oansluting troch de telekommunikaasje-oanbieder, wêrtroch’t net ynbelle wurde kin, folsleine besetting fan ‘e ynbelpunten fan Froeks.TV, útfal fan elektrisiteit, steurings yn de Tsjinst en natuerrampen. In steuring yn de Tsjinst wurdt opheft troch Froeks.TV foarsafier’t it net in steuring yn ‘e telefoantsjinst fan ‘e telekommunikaasje-oanbieder of yn ‘e apparatuer en / of yn ‘e programmatuer fan Brûker, as wol útfal fan elektrisiteit oanbelanget. Froeks.TV is berjochtige wizigings of ferbetterings oan te bringen yn de Tsjinst sûnder foarôfgeande bekendmakking oan de Brûkers. Froeks.TV behâldt him it rjocht foar om sûnder opjefte fan reden in Kanaal op te heffen of te blokkearjen.

Artikel 4 / Ferplichtings fan ‘e Brûker
Brûker sil him yn alle opsichten opstelle en gedrage konform itjinge fan in ferantwurdlik en soarchfâldich YnternetBrûker ferwachte wurde mei en is ferplichte by gebrûk fan ‘e Tsjinst de tapaslike wetlike regels en algemien jildende Gedrachsregels yn acht te nimmen. Yn oanfolling dêrop sil elke Brûker him yn elk gefal ûnthâlde fan: • It ynstjoeren fan fideomateriaal dat ynbreuk makket op yntellektuele eigendomsrjochten fan tredden; • It ynstjoeren fan fideomateriaal dat oare Brûkers bedriget, belediget of hinderet op hokfoar wize dan ek; • It beledigjen, stalken, op net paste wize benei te kommen en / of op oare wize benei te kommen fan oare Brûkers; • It beneikommen fan oare Brûkers mei kommersjele motiven, sûnder foargeande tastimming troch Froeks.TV; • It pleatsen fan reklame-utings yn teksten, sûnder foargeande tastimming troch Froeks.TV; • It oanbieden fan ûnrjochtmjittige fersiken, wêrûnder mei doch net útslutend begrepen wurdt kettingbrieven, junkmail, spam en oare net winske  fersprieding fan ynformaasje; • It net ta te litten gebrûk fan de funksjonaliteiten fan de Tsjinst mei as doel himsels of oaren ûnevenredich te befoardieljen; • Oars strafber of ûnrjochtmjittich hanneljen; It is Brûker net tastien, yn oanfolling op de dêrfoar bepaalde, software te brûken of oare aktiviteiten te ûndernimmen dat de beskikberstelling fan de Tsjinst oan oare Brûkers behinderje kinne sil of op in neidielige wize beynfloedzje kin.

Froeks.TV hat it rjocht de Tsjinst (tydlik) bûten gebrûk te stellen en / of it brûken derfan te beheinen as Brûker oangeande fan de Tsjinst in ferplichting foar Froeks.TV oer net neikomt as wol yn striid hannelet mei dizze Algemiene Betingsten. Froeks.TV sil Brûker dêrfan yn ‘t foar fan op ‘e hichte bringe, of it moat sa wêze dat soks yn alle ridlikens net fan Froeks.TV ferlangd wurde kin. Ta heryngebrûkstelling kin oergien wurde as Brûker binnen in troch Froeks.TV stelde termyn noch syn ferplichtings neikommen is. Skea oan Froeks.TV of tredden, feroarsake troch hanneljen yn striid mei dit artikel kin op de oanbelangjende Brûker ferhelle wurde.

Artikel 5 / Yntellektuele eigendomsrjochten
Froeks.TV kin net oanspraaklik steld wurde foar ynbreuk troch Brûker op yntellektuele eigendomsrjochten fan tredden. Brûker frijwaret Froeks.TV foar ynbreuken op yntellektuele eigendomsrjochten fan tredden. Froeks.TV krijt in ûnbeheind brûkersrjocht op alle ynfromaasje en al it fideomateriaal dat yn it kader fan de Tsjinst troch Brûkers op it webstek fan De Tsjinst pleatst wurdt.

Artikel 6 / Oanspraaklikens fan Froeks.TV
Froeks.TV is nea oanspraaklik foar skea dy’t Brûker liedt troch tekoartkommings fan Froeks.TV by it útfieren fan ‘e Oerienkomst. Unfermindere it yn it eardere bepaalde, is Froeks.TV nea oanspraaklik foar skea dy’t Brûkers hawwe dy’t gearhinget mei de ynformaasje dy’t troch Brûkers op it webstek fan De Tsjinst pleatst is. Brûker frijwaret Froeks.TV tsjin oanspraken fan tredden oangeande skea dy’t tredden hawwe as gefolch fan it brûken fan de Tsjinst en / of it ynternet troch Brûker. Dêrûnder wurde mei begrepen skea dy’t tredden hawwe dy’t gearhinget mei de ynformaasje fan it fideomateriaal dat troch Brûker op it webstek fan De Tsjinst pleatst is. Froeks.TV is net ferantwurdlik of oanspraaklik foar de befeiliging fan de troch de Brûker op de systemen fan Froeks.TV opsleine gegevens.

Artikel 7 / Duer en beëiniging fan de Oerienkomst
Froeks.TV hâldt him it rjocht foar om de Oerienkomst fuortendaliks te beëinigjen. As Brûker net hannelet konform dy algemiene betingsten, behâldt Froeks.TV him it rjocht foar, yn ôfwiking fan it yn it earste kêst fan dit artikel bepaalde de Oerienkomst fuortendaliks yngong te beëinigjen.

Artikel 8 / Slotbepalings
Op dizze Oerienkomst is Nederlânsk rjocht fan tapassing. Alle Alle skeel tusken partijen dat út dizze Oerienkomst fuortfloeit, wurdt foarlein oan de rjochter mei foech yn Ljouwert. It by gerjochtlike útspraak ûnjildich ferklearjen fan ien of mear bepalings fan dy Algemiene Betingsten lit de jildigens fan alle oare bepalings ûnferoare.