Flash-hoppen
Bist op syk nei in nije hobby? Doch dan mei oan de nije online-hype Flash-hoppen! Wat!? No hiel simpel: mei eltsenien op de hiele wrâld online skippybalje. Hjir kist dyn eigen 'hopper' ûntwerpe, jow it ding in namme en gean de striid oan. Goed 300 minsken hawwe al in hopper makke. In bytsje raar miskien, mar yn Barselona kinne se d'r gjin genôch fan krije...No Fryslân noch!
















