Kij deariden
Juster waard by Grijpskerk in keppel kij deariden troch in trein. De bisten wienen losbrutsen út in stik greide en stienen samar op it spoar tusken Ljouwert en Grins. Neffens Arriva koe de masinist neat oan it ûngelok dwaan. Wy tinke lykwols dat se better les krije moatte yn it bestjoeren fan ‘e trein. Yn 1950 slagge de masinist dat wol , doe’t der kij op it spoar stienen.
















